Stipe foar biologyske produkten

19 okt 2004 - 07:37

Fiif prosint fan alle konsuminte- produkten moat yn 2007 biologysk wêze. De oerheid sil foar de eigen kantines mear biologyske produkten keapje om sels it goeie foarbyld te jaan.

Dat hat it ministearje fan Lânbou bekend makke nei't it kabinet besletten hat de biologyske lân- en túnbou te stimulearjen. Boere-organisaasje NLTO is wiis mei de stipe en it sinjaal dat de oerheid dêrmei jout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)