ID-banen Achtkarspelen faai

© Omrop Fryslân
Minsken mei in ID-baan yn de gemeente Achtkarspelen wurde takom jier mooglik ûntslein. De ynstellingen dêr't de ID'ers wurkje, hawwe te min jild om har yn fêste tsjinst te nimmen. Dat stiet yn in notysje fan de gemeente oer it ôfbouwen fan de ID-regeling.
Yn de regeling wurket Achtkarspelen gear mei Kollumerlân. Yn beide gemeenten giet it mei-elkoar om 74 ID- banen . Sy wurkje foaral yn de soarch, it ûnderwiis en by sportferienings.