Gemeente kritysk op skoalferfier

18 okt 2004 - 15:57

Bern út Eaststellingwerf dy't nei in spesjale skoalle gean, sille faker mei de gewoane bus of trein moatte yn stee fan mei de taksy. De gemeente wol tenei better sjen nei de fergoeding dy't âlden krije.

Op dy wize moat tefoaren kommen wurde dat de kosten foar it learlingeferfier noch oprinne. Yn in perioade fan trije jier binne de kosten hast ferdûbele, nei hast in heal miljoen euro jiers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)