Meindert Talma wint Liet 2004

© Omrop Fryslân
Meindert Talma en the Negroes binne sneontejûn yn Ljouwert winner wurden fan Liet 2004, it Fryske sjongfestival. Talma en syn band wûnen mei it nûmer 'Dûnsje wyldekat dûnsje'. Twad en winner fan de publykspriis waard it Teaterkollektyf Griene Sjippe mei it nûmer 'Fiel dy frij'.
Meiïnoar wiene der 10 bydragen oan it festival, dat alwer foar de 14e kear hâlden waard. Talma en the Negroes dogge freed mei oan Liet Ynternasjonaal.