De Vries 4e by maraton Amsterdam

© Omrop Fryslân
De maraton fan Amsterdam, de earste foar de Essent Cup, waard wûn troch Emiel Roozendaal. Reedrider Jeroen de Vries fan Sint Nyk einige op in twadde plak. Hy waard troch de sjuery lykwols werom set nei in fjirde plak fanwege ûnreglemintêr spurten.
It twadde plak gie doe nei Joost Juffermans. By de froulju gie de oerwinning nei Greta Smit foar Daniëlle Bekkering.