Boetes foar net skieden ôffal

© Omrop Fryslân
Bedriuwen yn de gemeente Wymbritseradiel hâlde har faak net oan de regels foar it skieden fan gefaarlik ôffal. Dat docht bliken út in kontrole fan de plysje by 16 bedriuwen yn de gemeente.
Mar 5 bedriuwen hiene de saak goed foarinoar. By guon bedriuwen waarden lichte oertredings konstatearre. By 5 bedriuwen waarden boetes útdield. Der waarden resten kit, oalje, ferve en skjinmakmiddels yn de kontainers fûn.