Natuerjild bliuwt op Skylge

© Omrop Fryslân
As de gemeenteried akkoart giet, krijt Skylge in eigen Grienfûns. Yn dat fûns komt jild wêrmei it ferlies oan natuer kompensearre wurdt. Oant no ta gie dat jild nei it ryk. Mei it nije Grienfûns kin Skylge sels bepale wat der mei de sinten gebeurt. De kâns is grut dat it jild op it eilân bestege wurdt.
Skylge is foar it grutste part natuer- gebiet. As der bygelyks in fytspaad ferbrede wurdt, moat soks neffens de regels kompensearre wurde mei jild.