Tekoart skoaldirekteuren driget

17 okt 2004 - 12:44

Der driget yn de takomst in tekoart oan direkteuren yn it iepenbier ûnderwiis. Om dêr wat oan te dwaan ha de direksjes fan alle iepenbiere basisskoallen yn Fryslân op syk west nei juffen en masters dy't wol direkteur wurde wolle.

Trettjin leararen binne selektearre om it kommende oardel jier oplaat te wurden foar in direkteursfunksje. De skoalledireksjes wolle ek mei inoar in direkteurspool opsette. By sykte kinne de direkteuren inoar dan ferfange.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)