Opbringst sutelaksje twa ton

© Omrop Fryslân
De Sutelaksje fan stifting it Fryske Boek hat mear as 200.000 euro opsmiten, sawat itselde resultaat as in jier lyn. Benammen berneboeken binne populêr. En by de folwoeksenen binne de boeken fan Durk van der Ploeg en Riek Landman dit jier echte bestsellers. It boek 'Sykjend nei it lêste hûs' fan Durk van der Ploeg is yn 'e earste printinge sels folslein útferkocht.
De jierlikse ferkeap is ôfsletten mei in boekemerk yn Drachten.