Fryske top 100 by Omrop Fryslân

© Omrop Fryslân
Oan 'e ein fan dit jier draait Omrop Fryslân lykas oarte jierren wer Fryske muzyk, útkeazen troch de harkers. Dit jier is dat gjin top 40, mar in Top 100. De alderearste Fryske Top 100 wurdt op Aldjiersdei útstjoerd fan 9 oant fiven op Omrop Fryslân Radio.
De Fryske Top 100 wurdt gearstald troch de harkers. Fan freed 15 oktober ôp kin elk syn eigen Top 5 gearstalle fia www.omropfryslan.nl. Elke 25ste stimmer krijt in Fryske top-cd kado!