Weduwe Joustra 140 jier âld

16 okt 2004 - 11:27

De weduwe Joustra yn Snits bestiet 140 jier. Soks is unyk, want by gjin oare bearenburchfabrikant is it bedriuw sa lang yn hannen fan ien en deselde famylje. Heleen Sonnenberg is de sechde generaasje sûnt de widdo Joustra.

It bedriuw docht it goed, mar hat wol omset ferlern troch de aksijnsferheging op sterke drank fan ferline jier. It bedriuw bringt no jubileumbearenburch op 'e merk, dy't tsien jier yn in tonne lein hat te rypjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)