Paul de Lange giet nei RBC

16 okt 2004 - 09:28

Paul de Lange ferlit SC Hearrenfean. De Lange tekenet by RBC Roosendaal in kontrakt foar 2,5 jier. De Lange kaam yn 2003 oer fan Stormvogels/Telstar, dêr't er trije seizoenen spile. De Lange spile 27 wedstriden foar Hearrenfean en skoarde ien kear.

De Lange woe wol fuort, omdat er gjin basisplak hie en te min oan fuotbaljen ta kaam. By RBC treft er op 'e nij Jesper Hakansson, dy't troch Hearrenfean oan RBC ferhierd waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)