Sparta - Cambuur: 4-1

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn mei mar leafst 4-1 ferlern op it Kasteel fan Sparta. Grutte man wie Ricky van der Berg. Hy skoarde foar rêst in suvere hattrick. Cambuur kaam nei rêst noch ien kear werom troch ynfaller René van der Weij.
Hy soarge derfoar dat Cambuur nei 51 minuten wer ris in doelpunt makke. Wichtich wie dat fierder allegear net, want de wedstriid Sparta-Cambuur wie eins mei de rêst al dien.