Pear ton winst foar Thialf

15 okt 2004 - 15:13

IIsstadion Thialf op it Hearrenfean hat oer it seizoen 2003/2004 225.000 euro winst makke. Dat seit direkteur Nieweg. De winst komt benammen fan 'e grutte langebaan wedstriden. Omdat Thialf ek de kommende trije jier noch fersekere is fan grutte toernoaien, sjogge ek de kommende jierren der goed út.

Ferline jier drige Thialf fallyt te gean. Tanksij ekstra bijdragen fan Aegon, Essent en de gemeente koe in fallisemint foarkommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)