Goutum krijt in útfeartsintrum

15 okt 2004 - 13:38

It krematorium yn Goutum is útein set mei de oanlis fan in eigen útfeartsintrum. De reden dêrfoar is dat it útfeartsintrum oan de Rengersleane yn Ljouwert net mear oan de easken foldocht. Bykommend foardiel fan 'e oanbou is dat de neibesteanden yn 'e takomst net mear troch de stêd hoege te riden om by it krematorium te kommen.

Yn it útfeartsintrum komt romte foar njoggen opbierkeamers dy't 24 oeren deis beskikber binne foar famylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)