Fuotbal wer populêr

© Omrop Fryslân
It tal leden fan fuotbalferienings yn Noard-Nederlân is flink tanommen. It ôfrûne seizoen binne der meiïnoar 6000 nije fuotballers bykaam yn Fryslân, Grinslân, Drinte, de Noardeastpolder en in part fan Oerisel.
Foaral by froulju en jonge bern is de sport populêr. Sa binne der 40 frouljus-teams bykaam en 74 teams by F-kes. Neffens de KNVB distrikt Noard is de groei foaral te tankjen oan it massale omtinken foar it fuotbaljen.