Worldwide Commerce: 1000 banen

15 okt 2004 - 10:53

It eksportprojekt Worldwide Commerce fan 'e Keamers fan keaphannel fan Fryslân, Grinslân en Drinte hat mei 3,7 miljoen euro subsydzje tûzen nije banen kreëard. Dat hat projektlieder Slagt fan tongersdei bekend makke.

Fan 'e 350 dielnimmende bedriuwen hat 80 persint in nije eksportmerk fûn. De bedriuwen hawwe hjirtroch 174 miljoen oan ektra omset makke. It projekt is betelle út de stipe fan ekonomyske saken, dy't oer in pear jier ferdwynt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)