'Dea Tom is gjin misdriuw'

© Omrop Fryslân
Justysje wit seker dat de 17-jierrige Tom Oldenbroek fan Parregea net troch in misdriuw om it libben kaam is. Ek it ûndersyk dat de plysje dien hat nei syn mysterieuze dea, hat goed west. Dat sei advokaat Bleichrodt yn de rjochtbank fan Ljouwert.
De mem fan Tom Oldenbroek frege de rjochter om de dea fan har soan opnij te ûndersykjen. Tom kaam 4 jier lyn nei in jûntsje stappen net thús. Letter waard by Skraard it stoflik omskot fûn.