'Maatregel Dales gjin oplossing'

15 okt 2004 - 09:55

De nije maatregel fan boargemaster Dales fan Ljouwert om bewenners dy't kear op kear soargje foar oerlêst út har wenning te setten, lost de echte problemen yn probleemwiken net op. Dat seit Jesid van de Weg, bewenner fan de Ljouwerter Frijheidswyk.

Van der Weg hat in hântekenaksje hâlden om de gemeente Ljouwert op te roppen ris wat te dwaan oan it geweld en de oerlêst yn de wyk. It út hûs setten fan bewenners lost de echte probleem net op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)