Underdaksintrum hast klear

© Omrop Fryslân
It ûnderdaksintrum yn it eardere azc Burmania yn Ljouwert is takom wike klear om útprosedearre asylsikers op te fangen. It sintrum is bedoeld om minsken dy't frijwillich fuortwolle út Nederlân ûnderdak te jaan. De tydlike bewenners sille earst yn karavans opfongen wurde, omdat it eardere azc al foar in part ôfbrutsen wie.
Der komme earst gjin asylsikers mei bern, want der is noch net in plak fûn dêr't dy salang nei skoalle kinne.