Ferdigening Cambuur wer folslein

© Omrop Fryslân
By Cambuur rekket de sikeboech wer wat leger. De ferdiging is yn alle gefallen wer folslein. Tsjin Sparta kin trainer Dick de Boer wer beskikke oer Picqué, Zimmerman, Brack en Venema. De nije spits Chima Onyeike hat op 'e training in goeie yndruk makke.
Cambuur is ek dwaande mei it testen fan in nije spiler. It is de 21-jierrige Joegoslavyske Sweed Gerzic Nordin. Hy hat de jeugdoplieding fan Bayern Mûnchen dien en spilet no yn Sweden.