Staking: iepenbier ferfier plat

14 okt 2004 - 17:27

It iepenbier ferfier lei ek yn Fryslân plat troch de fakbûnsaksjes tsjin it kabinetsbelied. De hiele dei riden der gjin treinen of bussen.

Yn Ljouwert hat 90 persint fan de sjauffeurs, masinisten en kondukteurs har ynskreaun as staker, neffens it CNV. Ek yn oare plakken waard massaal staakt en stie alles stil. Reizgers hiene in frije dei naam of in auto regele. Dochs melde de plysje gjin gruttere drokte as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)