'Bus moat bliuwe op plattelân'

14 okt 2004 - 17:19

Deputearre Baas moat it plattelân mear ûntsjen by de besunigings op it iepenbier ferfier. Dy opdracht krige Baas woansdei yn de steatekommisje.

Baas moat ûndersykje hoe't yn sa'n 90 doarpen jûns dochs in bus riden bliuwe kin en hoefolle oft dat kostet. De ferfiersmaatskippijen NoordNed en Arriva krije takom jier beide oardel miljoen euro minder fan de provinsje. Neffens NoordNed falt dat bedrach yn de praktyk folle heger út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)