Nije sponsor Van der Wal ûnwis

© Omrop Fryslân
Foar hurdfytser Eelke van der Wal binne it spannende tiden. De 23-jierrige Holwerter stiet ûnder kontrakt by de BankGiroLoterij-ploech. Mar omdat dizze grutte sponsor der nei dit seizoen mei ophâldt, moat der in nije jildsitter komme. Dat slagge oant no ta noch net.
Freed wol manager Arend Scheppink alles rûn ha. Eelke van der Wal hat krekt syn earste seizoen as beropshurdfytser der opsitten. Dat wie benammen in learjier. Hy hat no noch in kontrakt foar in jier.