Flearmûzen binne ôfset

© Omrop Fryslân
De gemeente Harns giet der fanút dat de flearmûzen yn de pleats oan de Achlumerdyk yn Harns fuort binne. Dêrom is woansdei fierder gien mei it ôfbrekken fan de pleats dy't plakmeitsje moat foar wentebou.
Tiisdei waard begûn mei de sloop. Fan de Flora- en Faunawet moast dat hoeden om en ta gean fanwege de oanwêzichheid fan flearmûzen. Dy binne beskerme. De pleats waard foar in part stript om de bisten de kâns te jaan fuort te gean.