Aksje foar behâld servicebus

© Omrop Fryslân
Wethâlder Pultrum fan Smellingerlân hat woansdei 500 hantekens oanbean krigen. Ynset wie it behâld fan de servicebus. Dy bestiet al seis jier en makket ritten nei it sintrum fan Drachten.
Foaral de âlderein makket gebrûk fan de servicebus. De provinsje betelle de tjsinst mar nei besunigings op it iepenbier ferfier wurdt it jild foar de bus skrast en ferdwynt er yn desimber. Pultrum sil der tongersdei mei deputearre Baas oer prate.