Frij spul Iselmarwetter by klif

13 okt 2004 - 16:15

De Iselmar moat wer frij spul krije op it Aldmardumer Klif. Natuermonuminten, eigner fan it natuergebiet oan de Iselmarkust, wol de basalten dyk trochbrekke dy't no it Iselmarwetter tsjinhâldt. Dêrmei wurdt de situaasje wer sa't dy wie doe't de Iselmar noch Sudersee wie.

Natuermonuminten is noch yn ûnder- hanneling mei it Wetterskip oer it fuortheljen fan it stikje seewarring. Ek wurde noch subsydzjejouwers socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)