Foppe syn Oranje wint mei 4-1

© Omrop Fryslân
Jong Oranje spile tiisdei ûnder lieding fan trainer Foppe de Haan de tredde kwalifikaasjewedstriid foar it EK yn 2006. Nei in lykspul tsjin Tsjechië en winst tsjin Macedonië, wie Jong Oranje yn Doetinchem mei 4-1 te sterk foar Jong Finlân. Oranje stiet no boppe-oan.
By jong Oranje sieten trije spilers fan Hearrenfean. Boy Waterman keepte de hiele wedstriid, Jerrel Wolfgang bleau op 'e bank en Klaas Jan Huntelaar spile in healoere en makke de tredde goal.