Akademy bliuwt selsstannich

13 okt 2004 - 14:09

De Fryske Akademy bliuwt in selsstannige stichting mei Ljouwert as stânplak. Dat is de útkomst fan oerlis tusken de beide jildsjitters: provinsje en de Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskippen (KNAW).

Foar de simmer waard bekend dat troch finansjeel wanbelied de sûne Akademy ynienen in grut tekoart hie. Mei in nije bestjoersstruktuer moat de Akademy der wer boppe-op komme. Der komt ien direkteur en tafersjoch op it jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)