Tafallers yn Eaststellingwerf

© Omrop Fryslân
Finansjele tafallers foarkomme in hurde besunigingsronde yn Eaststellingwerf. It is de gemeente slagge om frij maklik in gat fan 380.000 euro troch in legere bijdrage út it gemeentefûns op te heinen. Dit slagget trochdat it nije gemeentehûs oardel miljoen goedkeaper wie as begrutte.
Fierder hie de gemeente ek in tafaller yn 'e subsydzjes foar de berneopfang. Troch it lêste tekoart út 'e reserve te heljen is de begrutting foar 2005 rûn.