Mooglik monumint foar Fetter

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert moat in monumint komme foar Manuel Fetter, de 32-jierrige man dy't in pear wike lyn deastutsen waard yn de Grutte Heechstrjitte yn de stêd. Dat fine de neibesteanden fan Fetter. Tocht wurdt oan in bankje mei in plakkette op it Naauw.
Neffens VVD-riedslid Wyb Feddema en wurdfierder út namme fan de famylje Fetter, hat boargemaster Dales syn meiwurking tasein en steane inkele bedriuwen garant foar de finansiering.