Hoogervorst iepenet nij MCL

12 okt 2004 - 16:42

Minister Hoogervorst fan folkssûnens hat moandei it nije Medysk Sintrum Ljouwert iepene. Der is tweintich jier wurke om fan 'e trije sikehuzen, dy't der fanâlds binne yn Ljouwert, ien topsikehûs te meitsjen.

Neffens minister Hoogervorst hat it sikehûs in sûne finansjele basis en in dúdlik plak yn 'e Fryske soarchwrâld. Foar spesjalistyske medyske soarch hawwe je no ienkear in grut sikehûs as it MCL nedich, sa sei de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)