Wurkgroep wol libben yn polityk

© Omrop Fryslân
Yn de Ljouwerter gemeenteried soe net mear fan papier foarlêzen wurde moatte. Dat is ien fan de foarstellen dy't de wurkgroep Jong van Geest presintearje sil. Jong van Geest bestiet út seis riedsleden dy't op inisjatyf fan Thea Koster (CDA) yn it libben roppen is.
De groep wol sa de politisy en de ynwenners tichter by-elkoar bringe. Troch politisy neat mear fan papier foarlêze te litten, moatte rieds- gearkomsten mear libben krije.