Westergosône ferdielt PvdA

12 okt 2004 - 11:35

De Fryske PvdA wie moandei bot ferdield oer de ynfolling fan it romtlike belied yn Fryslân. Yn in kafee op It Hearren- fean debattearden politisy út de Twadde Keamer, de provinsje en gemeenten mei leden oer de takomst fan it lânskip.

Grutste ferskil ûntstie oer it takennen fan it etiket Nationaal Landschap oan yndustrygebiet Westergosône by Harns en Frjentsjer. Steatefraksjefoarsitter Versteeg is foar it lânskip, deputearre Andriessen foar de yndustry.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)