Untslaggen by Dunlop

12 okt 2004 - 10:26

By bannefabryk Dunlop Enerka yn Drachten krije tusken de fyftjin en tweintich wurknimmers dien. It giet dan om fêste krêften en útstjoerkrêften. Reden foar it ûntslach is dat it fabryk tsientûzenen euro's besunigje moat fanwege ynternasjonale konkurrinsje.

Dunlop makket rubberen transportbannen. Mei trijehûndert wurknimmers is it ien fan de grutste wurkjouwers yn Drachten. De direksje wol gjin kommintaar jaan op de ûntslaggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)