Nije spits foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat Chima Onyeike taheakke oan de seleksje. De eardere spits fan ûnder oaren Haarlem en Dordrecht komt op amateurbasis nei Ljouwert. Cambuur hat troch de blessueres fan Thijs Houwing en Jan Bruin in akút spitseprobleem.
De ploech fan trainer De Boer hat al fiif wedstriden achterelkoar gjin doelpunt makke. De 29-jierrige Onyeike mei kommend wykein yn de útwedstriid tsjin Sparta al meidwaan. Hy skoarde oant no ta 63 kear yn 243 wedstriden.