Fraachtekens by Sonacmjittings

© Omrop Fryslân
De positive mjittings by kadaverfabryk Sonac yn Sumar roppe fraachtekens op, ûnder oare fan steatelid Van der Galiën fan de Christen Unie/SGP. Sonac makke moandei bekend dat de stankoerlêst yn 10 jier mei 70 persint werombrocht is.
It bedriuw foldocht no krekt oan de ôfspraken mei de gemeente en provinsje foar de nije fergunning. De provinsje wol noch gjin kommintaar jaan op de sifers. Se komme oer in pear wike mei in eigen ûndersyk nei stankoerlêst.