Justysje wol Afgaan hearre

11 okt 2004 - 17:30

It Iepenbier Ministearje siket dizze wike opnij kontakt mei de Londense plysje yn de saak-Vaatstra. Al in jier besiket justysje de Afgaan Akbar yn Londen te hearren. Om ûndúdlike redenen wolle de Ingelsen net meiwurkje.

Akbari waard in skofke sjoen as fertochte. Hy meldde him frijwillich yn Londen doe't er op in ynternasjonale opsporingslist stie. Mar in DNA-test pleitte him frij. Akbari wenne yn it azc yn Kollum tidens de Vaatstra-moard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)