Heger berop saak-Eanjum

11 okt 2004 - 17:29

Yn Arnhem tsjinnet moandei it heger berop tsjin de Eanjumer pensjonhâldster Marianne van der E. De frou is feroardiele foar de moard op twa manlju ta seis jier mei TBS. Mar de rjochtbank yn Ljouwert bepaalde dat TBS net mear fan tapassing wie. Dat soe betsjutte dat de frou frijkomt.

It Iepenbier Ministearje gie dêrtsjin yn berop. Jan de Jong fan De Rottevalle wachtet de útspraak mei spanning ôf. Syn soan Lou waard yn Eanjum ombrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)