Flyers winne fan Geleen

11 okt 2004 - 16:53

De Vadeko Flyers wûnen sneon ek de tredde wedstriid fan 'e bekerkompetysje. De Ruyters Eaters út Geleen waarden frij maklik mei 6-1 oan 'e kant set. Pas yn 'e tredde perioade mei doe al in 3-0 foarsprong kamen De Flyers echt op gong en smieten mei twa goals yn 4 minuten tiid de wedstriid definityf op slot.

Jaap Kroon, Marco Postma(2x), Don Nichols, Tyler Palmisono, en Bert van der Braak skoarden foar de Flyers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)