Sonac stjonkt minder

11 okt 2004 - 13:36

Kadaverfabryk Sonac yn Burgum stjonkt yn 10 jier tiid 70 persint minder. Dat docht bliken út mjittings fan in spesjalisearre buro yn Amsterdam. Sonac foldocht no oan de ôfspraken dy't mei de gemeente Tytsjerksteradiel en de provinsje makke binne.

Ferline jier like it fabryk de doelstelling net te heljen, troch de ferwurking fan fearren. It lêste jier is der in miljoen euro ekstra stutsen yn anty-stjonk-maatregels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)