Deade by ûngelok Harns

11 okt 2004 - 13:31

In autobestjoerder (56) út Wiuwert is snein om it libben kommen by in ûngelok by Harns. By de ôfslach Harns-Haven kaam er yn in greppel telâne en sloech dêrnei yn 'e loft ferskate kearen oer de kop. Hy en syn passazjier waarden út de auto weislingere. De Ljouwerter (32) en in hûn oerlibben it ûngelok.

In kameraploech fan it Harnzer lokale televyzjestasjon GPTV is nei it ûngelok oanhâlden. Se stiene te filmjen op in plak dêr't it net mocht fan 'e plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)