Boargerinisjatyf Boarnstee

© Omrop Fryslân
De Akkrumer wyk Boarnstee wol de ferkearsfeiligheid mei in saneamd boargerinisjatyf op de riedsaginda sette. De tagongsdyk fan de wyk is ûnfeilich foar fytsers en fuotgongers.
Ferline jier hawwe hast alle bewenners mei in hântekeningaksje besocht de gemeente yn beweging te krijen. Dat is net alhiel slagge, sadwaande no dit boargerinisjatyf. De gemeenterie moat deroer prate as 1 prosint fan de befolking dêrmei ynstimt.