10.000 besikers op plysjedei

11 okt 2004 - 10:01

De Fryske fariant fan 'e plysjedei yn Snits luts sneon in smite folk. De plysje koe sneon 10.000 minsken ûntfange yn plysjeburo, yn 'e sporthal en op it feemerkterrein. It evenemint mei sa'n 30 demonstraasjes en presintaasjes luts in soad húshâldings en jongerein. De demonstraasjes mei plysjehûnen waard it drokst besocht.

De plysje sette sa'n 20 motorriders en ferkearssurveillanten yn om it ferkear yn goeie banen te lieden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)