4 manlju fêst foar mishanneling

10 okt 2004 - 14:43

De plysje hat sneontemoarn betiid yn Drachten fjouwer manlju oanholden fanwege mishanneling. De fjouwer hiene op de Suderdwersfeart in oare man mei in rym bewusteleas slein.

De plysje krige de melding fan de mishanneling nei't sy de fjouwer op De Raai oanholden hiene. De mannen hiene dêr in rút ynslein by in skoalle. Ek wiene se yn flaggemêsten klommen en hiene se flaggen stikken skuord. De fertochten sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)