Winst Foppe's Jong Oranje

10 okt 2004 - 13:00

Foppe de Haan hat as trainer fan Jong- Oranje syn earste oerwinning boekt. Yn Macedonië wûnen syn fuotballers ûnder de 21 jier mei 0-2 fan har Macedonyske leeftydgenoaten. Beide doelpunten kamen op namme fan Fulham-spits Collins John.

Der kamen sneon trije Hearrenfean- spilers yn aksje. Keeper Boy Waterman en back Jerrel Wolfgang spilen de hiele wedstriid, spits Klaas Jan Huntelaar mocht it lêste kertier noch meidwaan. Tiisdei moat Jong Oranje tsjin Finlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)