Action Factory yn Burgum los

© Omrop Fryslân
De omstriden Action Factory yn it âlde tsiisfabryk fan Burgum hie sneon syn earste aktiviteit: in rommelmerk. De buert makket him soargen oer de nije bestimming fan it gebou.
Neist rommelmerken sil der alle moannen ek in konsert organisearre wurde en boppedat binne der fergunnings oanfrege foar in diskoteek en in grandkafee. De buert is benaud foar oerlêst en bliuwt wach op hoe't it der om en ta giet. De rommelmerk foel freed trouwens wat ôf.