VNG gjin begryp foar Verdonk

© Omrop Fryslân
De Feriening fan Fryske Gemeenten hat gjin begryp foar de yrritaasjes by minister Verdonk fan Frjemdlingesaken. Sy fynt dat tefolle organisaasjes en gemeenten harren mei it asylbelied bemuoie. De VNG en Flechtlingewurk Fryslân fine dat de minister in beslút nommen hat dat net troch de befolking droegen wurdt. Yn in pear jier tiid moatte 26.000 asylsikers it lân út. Dêrtsjin wie in soad ferset.