'Noordned snijt mear as nedich'

© Omrop Fryslân
Ferfiersmaatskippij Noordned besuniget mear as needsaaklik is. Dat fine de opposysjepartijen yn 'e Steaten. Ein juny besleaten de Steaten de Ryksbesunigings op it iepenbier ferfier net mear te kompensearjen.
Gefolch dêrfan is dat Noordned oardel miljoen euro besunigje moat. Mar wurknimmers sizze dat de ferfierder mear besuniget as dy oardel miljoen euro. De Steaten wolle dat deputearre Baas opheldering jout oer de saak.