Brân yn hûs Fetter-fertochte

09 okt 2004 - 12:03

It hûs fan ien fan 'e fertochten yn 'e saak-Fetter is woansdei yn 'e brân stutsen. De plysje hat dat freed befêstige. By de brân baarnde de bykeuken folslein út. Buertbewenners tinke dat it om in wraakaksje giet.

De wente yn de Van der Kooystrjitte is fan 'e âldste fertochte, in 27-jierrige Ljouwerter. De man wurdt meiferantwurdlik hâlden foar de dea fan Manuel Fetter, sa'n twa wike lyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)